juni 15, 2020
Al iuwen stiet er as in hûs
sa fêst mei syn twa tuorren,
teken fan stânfêstichheid;
de fijân komt net fierder
as de Kolk, mar ’t is de werklikheid
dat net in kûgel trof syn muorren.
Sa gie de striid oan him foarby
en hie er it net swierder
as it sintrum fan de stêd.
Al jierren hinget er yn ’t seil,
de lytse wetterpoarte,
teken fan in flugge feart;
wa’t striidber is, komt fierder
as de siler fan ‘it wurdt hjoed neat,
mar om it meidwaan sil ’t wol moatte’.
De poarten bliuwe wol bestean,
stânfêstich of fleksibel,
beide teken fan de stêd.
juni 14, 2020
fan ûnbekend*
fan Alexandre Blok**
Readgardisten wiene oars as wolven
neffens Alexandre Blok;
as revolúsjonêren
strieden sy foar ’t sljochte folk,
wat stie yn syn gedicht ‘De tolve’.
De tolve rûnen troch de strjitte,
sjittend, moardzjend mei in flok,
se koene neat bedjerre,
want sy strieden foar it folk…
dat koe dochs elkenien wol witte?
Ien wist it net, hat op har wachte,
want hy gie foar elk syn lok,
dat neat dêroan mankearre;
yn de sniejacht wie er tolk
en gids, ’t gie tsjin de wrede machten.
Readgardisten wiene oars as wolven
neffens Alexandre Blok;
mar oft se him wurdearre
ha of op him sketten? ’t Folk
wist dat er gids wie fan de wolven.
* Foto ‘Alexandre Blok’ (1880-1921)
** Gedicht ‘De tolve’