Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sân ingels mei sân skalen

Bibelbylden

fan Saint-Sever Beatus*

It fisioen liet skine
syn ljocht klear op ’e timpel,
dêr’t de doar fan iepengie;
sân ingels kamen foar it ljocht
yn blinkend linnen
en om de mul in gouden riem,
sa’t ingels strielje kinne;
oanrikt waarden gouden skalen,
sân, foar elke ingel ien,
in teken fan Gods grime,
dy’t my klear foar eagen
kaam, de reek as teken
fan Gods hearlikheid en macht
gie troch de timpel yn sân walen,
mar gjin minske mocht deryn…
earst kamen de sân pleagen.

* Saint-Sever Beatus (alfde iuw)
Yllustraasje ‘Sân ingels’ 

admin

Ixion

Mytebylden

fan Cornelis Corneliszoon van Haarlem*

Lit Ixion mar ivich draaie
op it rêd as straf foar moard
op skoanheit dy’t de breidsskat helle:
de groeven kûle like snoad,
sels foel er djipper, koe net swaaie…

… nei Zeus, dy’t earst ferjoech mar letter
poer waard, om’t er Hera tsjin
syn liif ha woe, hy moast doe draaie
mei slangen bûn fan foet nei kin,
foar goaden koe sa’n straf net better.

* Cornelis Corneliszoon van Haarlem (1562-1638)
Skilderij ‘De fal fan Ixion’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum