juni 25, 2020
fan Jan Toorop*
De dei wie stadich nei de jûn rûn
nei’t sy al hastich yn de moarn
nei ’t wurk op ’t lân rûn wiene
mei de skeppe doe noch yn de rêst…
it wie de frijheid dy’t har bûn.
De frijheid dy’t in protte jûn hie
oan nocht oan ’t wurk op eigen grûn,
dat sy al jierren diene
mei de lea noch sûn, fan wurk nei rêst,
it wie de frijheid dy’t it die.
De tiid wie stadich nei de ein rûn
fan groei en bloei, wat kaam hurd oan;
de frijheid dy’t sy hiene,
joech behalve nocht, geregeld lêst,
sy wurken oant de lette jûn.
* Jan Toorop (1858-1928)
Skilderij ‘Wer nei hûs’
juni 24, 2020
fan ûnbekend*
It Laam seach ik op Sion stean
mei tolve kear wol tolvetûzen
minsken mei syn namme,
ek dy fan de Heit,
foar har ’t fertsjinne lean.
Doe hearde ik it lûd
fan wetterfloeden, ek fan tonger,
’t wie gjin fêststeand feit,
omdat it klonk as harpespyljen.
De tolve kear wol tolvetûzen
songen ’t liet dat net te learen wie,
foar fjouwer wêzens en de âldsten,
’t gie mei ynmoed, dat it har wat die.
De tolve kear wol tolvetûzen,
sûnder lek of brek,
wiene frijkocht troch it Laam,
dat noed foar harren stie.
* Yllustraasje ‘It Laam en de mannichte’