Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stam

Lyrysk Deiboek

Net ien wurdt samar setten
op ’e ierde sûnder achtergrûn,
elk stammet fan in rige ôf,
de âlde stam wurdt net fergetten.

De âlde stam fan jierren
lang mei rjochte rêch en altyd sûn,
hie op ’en doer syn simmers hân,
de winter hat him iepenbiere
mei tûken sûnder blêden
yn de maitiid; doe’t de tiid ferrûn,
ferlear de stam syn krêft en bast,
it libben wie net mear te rêden.

De stam wurdt net fergetten,
stiet as teken op ’e achtergrûn:
‘Elk stammet fan in rige ôf,
dy’t trochrint, mar myn tiid is sletten.’

admin

Folkebûn

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hie in deadenien de oarloch wûn,
hoewol’t syn lân wol winner wie?
Ferliezers koe men amper telle;
de ierde pûle fan de liken út,
wie yn Europa net mear rûn.

Hiene al dy deaden wol wat jûn
oars as har eigen faai bestean,
dêr’t neibesteanden oer fertelle?
De wiere lieders wiene resolút:
de frede troch it Folkebûn.

Wiene folken sa oan frede bûn
noch sûnder dêrfoar yn te stean,
it bûn koe har noch mear fertelle!
Agressors giene der op ’t lêst wer út,
de nacht kaam nei de tongerjûn.

Hiene libbenen de frede wûn
mei ynset fan de goede rie?
’t Ultime doel hat it net helle:
de twadde oarloch wie it einbeslút,
de ein ek fan it Folkebûn.

* Paleis Folkebûn yn Genève


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum