juni 8, 2020
It hat syn tiid net hân,
al is ien laad derút,
it hat in stânplak krigen
tusken ’t grien, der efkes út.
It freget om in hân
dy’t skriuwt oer it ferrin
fan tiid, in hiele rige
dagen, wat dan bliuwt, hat sin.
Sjedêr, it hold al stân,
der kaam sels by in fyts,
de skriuwer sil net lige
oer wa grut is en wa lyts.
Wa’t lyts is, hat tabak
fan wat yn ’t pûdsje siet,
hy lit him net bedrige
troch wat faak yn reek opgiet.
Wannear it ûnderdak
is, wit de grutte net,
it tiidsferrin sil ’t leare,
grutten ha har eigen wet.
juni 7, 2020
fan ûnbekend*
fan Wilfred Owen**
Hoe koe hy yn it libben slagje
as de âldste soan fan fjouwer bern
sûnder beurs om troch te learen?
Wol mei aspiraasje om mei ’t wurd
syn eigen lot te kearen.
Hy seach romantysk nei it leger,
koe de djipte yn de grûn net sjen,
ek it deadzjend gas net rûke,
harke amper nei it wize wurd…
koe hy syn lot ûntdûke?
De wrâldstriid waard foar him in trauma,
dy’t in gat yn eigen djipte sloech,
him as dichter ynspirearre,
nea wie skreaun sa’n byldzjend, djipgeand wurd,
’t waard yn it brein gravearre.
It waard foar Wilfreds mem in trauma,
doe’t de klok foar dea en frede sloech,
as soldaat hie hy ’t net helle,
lykwols libbe hy noch yn syn wurd
om ’t drama te fertellen.
* Foto ‘Wilfred Owen’
** Gedicht ‘Anthem For Doomed Youth’