Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Feart foar de geast

Keunst

fan Charles-Henri Pille*

Se ha de put derút
en binne op it gers delsonken
om de mage syn gerak te jaan,
it lichem lit syn rjocht earst witte,
de geast hat noch net dronken.

Fan noard en west en súd
en east, se binne fan fier kommen,
want it is mei sizzen net te dwaan:
kin men in beafeart sjitte litte?
De geast wie gau ferklomme.

Se wachtsje op ’t beslút:
’t massale klimmen nei de hichte
om de Leave Frouwe acht te slaan,
har eachopslach sil folút jitte,
de geast wurdt dêrtroch stichte.

* Charles-Henri Pille (1844-1897)
Skilderij ‘Beafeart yn Bretagne’

admin

Machtich beest

Bibelbylden

fan ûnbekend*

My kaam in beest foar eagen
mei tsien hoarnen en sân koppen …
wie ’t in panter, liuw of bear?
De draak joech him syn folmacht,
fan de minsken kriich er alle ear,
lykas de draak fereare waard:
‘Gjin minske kin dy beide oan,
sy ha de ierde yn de macht!’
It lei yn ’t beest syn duvelsk aard
om God en ’t himelfolk te lasterjen.
Doe mocht it wrede beest de striid
opnimme tsjin de hilligen,
dy’t hy oerwûn, it rûn der doe op út
dat hy de wrâld oermastere.
It beest kriich alle ear
fan ’t folk dat net yn ’t boek stie
fan it slachte Laam.
Uteinlik kaam foar hilligen de rie:
‘Hâld fol, der komt foar jim in kear!’

Yllustraasje ‘It beest út ’e see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum