Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynpakt

Lyrysk Deiboek

De waaier stekt der boppe-út
om út te finen wat de wyn krekt wol,
de rjochting, ek hoe hurd it waait,
mar net wat bart op ’t politike mêd:
diskusje earst, dan it beslút.

Wannear’t gehiel wyt ynpakt wurdt,
dan kriget men in posityf berjocht:
jou jim mar del, de wyn is draaid,
’t kolleezje wol it bêste foar de stêd,
wat west hat, hie in lange sturt.

De waaier wiist súdwester stoarm,|
dy’t skuort en raamt oan ’t kamûflaazjekleed,
sadat wat grau is, iepemleit,
’t kolleezje, dat it net allinnich rêdt,
is transparant en slacht alarm.

admin

Amritsars reade boaiem

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wol tûzen dea yn ien kertier,
deunby de Gouden Timpel
fan Amritsar, ’t koe net minder,
dat it skreaude withoefier.

It fjoer kaam út in Britsk gewear,
geweld as bluodrich stimpel
op Britsk-Ynje… harkje, blinder,
kom net by de timpel gear.

It folk gie foar it eigen lân
nei ’t park tichtby de timpel
om ’t Baisakhi-feest te fieren,
wat massaal rûn út ’e hân.

Der wie doe gjin ûntkommen oan,
de Brit fûn it mar simpel
om de boaiem read te sieren,
hy siet hearskjend op ’e troan.

Mar sûnder of mei tsjingeweld
set ek it folk syn stimpel
op it eigen lân, mei minder
kin it net, de frijheid telt.

* Yllustraasje ‘Moardpartij yn Amritsar’
** Monumint ‘Jallianwale Bagh’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum