Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dronken hoer

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ien fan de ingels spriek my oan
oer ’t reade beest mei op ’e rêch
in frou yn poarper en skarlekken,
dy’t mei goud behongen wie,
’t bestean as hoer foldie har skoan.

In beker hie sy yn de hân,
fol mei har eigen huorkerij,
sy dronk en wie doe dronken rekke
troch it bloed fan hilligen,
it gie fier boppe myn ferstân.

Dus lei de ingel it my út:
it beest wie it Romeinske ryk,
dan stie de dronken hoer foar Rome,
dy’t smoardronken wie fan ’t bloed,
har ûndergong kaam ta beslút.

* Yllustraasje ‘De hoer op it beest’

admin

Kraaiend wolkom

Keunst

fan Marc Chagall*

Sy kamen roeiend út ’e stêd
mei as bestimming ’t plattelân
om dêr de stilte te belibjen
fan ûnder wetter, boppe blêd,
de kleuren sprekke har ek oan.

De leechte is der tuskenyn,
de romte fan it plattelân,
dêr fiele sy har oan besibbe,
it rûzjen fan de frije wyn
sprekt harren yn de stilte oan.

De hoanne stapt parmantich oan
mei op ’e rêch syn leave frou,
dy’t hâldt fan kleuren dy’t bûnt kraaie
mei ’t kraaien yn de iere moarn…
in hoanne is betiid yn tou.

De boat leit ûndertusken fêst
mei tou, dat rekket net mear los;
hoewol’t it wolkom kraait nei beide,
ha sy fan ’t lûde roppen lêst…
de rjochter komt deroan te pas.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De hoanne’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum