juni 28, 2020
fan ûnbekend*
Hie in deadenien de oarloch wûn,
hoewol’t syn lân wol winner wie?
Ferliezers koe men amper telle;
de ierde pûle fan de liken út,
wie yn Europa net mear rûn.
Hiene al dy deaden wol wat jûn
oars as har eigen faai bestean,
dêr’t neibesteanden oer fertelle?
De wiere lieders wiene resolút:
de frede troch it Folkebûn.
Wiene folken sa oan frede bûn
noch sûnder dêrfoar yn te stean,
it bûn koe har noch mear fertelle!
Agressors giene der op ’t lêst wer út,
de nacht kaam nei de tongerjûn.
Hiene libbenen de frede wûn
mei ynset fan de goede rie?
’t Ultime doel hat it net helle:
de twadde oarloch wie it einbeslút,
de ein ek fan it Folkebûn.
* Paleis Folkebûn yn Genève
juni 27, 2020
fan ûnbekend*
In ingel seach ik fleanen
heech by de himel lâns
mei ’t ivich evangeelje:
‘Earje God dy’t rjochtdei hâlde sil,
oanbid de Skepper fan ’t hielal,
Hy bringt de ierde yn balâns.’
In twadde ingel seach ik kommen,
roppend dat der wie gjin kâns
mear foar wa’t leaude yn it beest:
‘Want fallen is it grutte Babylon,
foargoed foarby is ’t feest
fan ’t drinken fan de hertstochtswyn,
it lûd by hoeren is ferstomme.’
In tredde ingel kaam foar eagen
mei it oardiel oer it folk
dat op ’e knibbels lei foar ’t beest:
‘Jim sille drinke fan de wyn
fan Gods grime, ûnfertinne,
dat jim reitsje út balâns
troch fjoer en swevel, fûle pine
sil jim treffe as in dolk.’
Doe hearde ik in stimme
dy’t út ’e himel kaam
as wie ’t in evangeelje:
‘Lokkich wa’t ferstoarn is yn de Hear,
hy kriget rêst, syn tiid is fol,
hy hat syn goede wurk meinaam.
Yllustraasje ‘It beest’