juli 25, 2020
fan ûnbekend*
It is sawat safier
dat Babylon yn fjoer en flam
fergiet, gjin stien bliuwt op ’e oare,
ferlern is al har sier.
De foarsten stean dan fier
fan Babylon nei ’t fjoer te sjen
en sille lûd oer ’t needlot kleie,
ferlern is har fertier.
De keaplju yn it spier
mei harren hannel foar de stêd,
sy krite kleiend oer ferliezen,
de takomst eaget skier.
De seelju dy’t elk jier
de fracht ferfarre, bliuwe stean
en struie strjitstof op ’e holle,
wa jout noch om plezier?
Mar ’t godsfolk sil net stean
te kleien, fier klinkt it jûchhei,
oer Babylon is ’t oardiel sprutsen,
har heechmoed sil fergean.
* Yllustraasje ‘Klacht om Babylon’
juli 24, 2020
fan Titiaan*
Sisyphos, de kening fan Korinte,
seach himsels as heechste god,
dy’t dwaan mocht wêr’t er sin oan hie,
it minsk- en goadedom ferlige,
nei de dea woech swier syn lot.
Hy lavearre tusken dea en libben,
hold de goaden foar de gek,
sei dat hy net begroeven wie,
sadat hy wer it libben krige,
joech dêrmei de dea in stek.
Sisyphos kaam yn de hel troch Hermes,
mei in rotsblok gie it op
en del , wat hy foar ivich die;
it goadedom geniete tige
fan de kening sûnder krop.
*Titiaan (1487-1576)
Skilderij ‘Sisyphos’