juli 5, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As bern kriich hy in namme
dy’t op revolúsje wiist:
Benito, nei in revolúsjonêr
yn Meksiko… tsjin keizers macht,
de striid hat dêr heech flamme.
Syn heit sloech mei de moker
op it ambyld, sosjalist
mei hiel syn hert, foar soan Benito stjer
om nei te folgjen: oan de macht
it folk, dat stie foar joker.
Hy hie earst gjin fidúsje
yn geweld en tsjerklik spul,
woe ek net wurde moardzjend militêr,
mar letter rôp er wol: ‘Jou acht!’
Hy gie foar revolúsje.
Syn each loek nei de naasje,
wat op eigen grinzen wiist,
de eigen minsken hjir, de oaren dêr,
’t ferskil kaam del op dei en nacht,
’t fassisme krige faasje.
* Foto ‘Mussolini as jonge’
** Foto ‘Mussolini as lieder’
juli 3, 2020
fan Arnold Houbraken*
Lit Agamemnon mar fertelle
dat syn dochter Iphigeneia
op ’t alter om it libben kaam.
‘Wy wiene ûnderweis nei Troje
mei ús float, sa woene wy it ha,
mar ’t kaam ferkeard, wy leine stil.
’t Wie Artemis dy’t mei har grime
ús de twirren út ’e seilen hold,
sy naam ús finzen troch har wil.
Myn skuld, sa liet sy fjurrich witte,
dochter Iphigeneia har lot
wie op it alter as in laam.’
Hat Agamemnon Troje helle,
dochter Iphigeneia wie dea,
’t wie tsjin de heit syn Grykske wil.
* Arnold Houbraken (1660-1719)
Skilderij ‘It offer fan Iphigeneia’