Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kambyses

Mytebylden

fan Gerard David*

Kambyses, kening fan de Perzen,
kriich Egypte yn syn macht,
wat him yn hert en holle riisde,
op gjin grins sloech hy noch acht.

’t Lyk fan de kening fan Egypte
groef er op, kriich slach op slach,
wêr’t sels syn eigen folk fan griisde,
sa ferlear er syn gesach.

De soan fan ien dy’t hy fertroude,
skeat er dea as wrede god,
wat op syn lege holle wiisde,
dy’t fol waard fan skot op skot.

In minne rjochter liet er strûpe,
op syn stoel kaam ’t hiele fel,
in teken dat syn waansin riisde,
hy sette rjochters soan dêr del.

* Gerard David (sirka 1460-1523)
Skilderij ‘It fillen fan rjochter Sisamnes’



admin

Brulloftsfeest

Bibelbylden

fan Jan van Eyck*

My klonken lûden yn de earen
fan in grutte mannichte,
fan mânske wetterfloeden
en fan mannich tongerklap,
dy lûden joegen God de eare:

Us God de Hear is kening wurden,
halleluja, jubelje
en jou Him alle eare,
want de brulloft fan it Laam
is kommen, ’t sil in grut feest wurde.

Syn frou stiet klear yn blinkend linnen,
de gemeente fan de Hear
rint Him al yn de mjitte,
klaaid mei dieden fan it folk
dat hillich wie, it sil oerwinne.

Doe klonk it lok my yn de earen
fan it folk dat nûge wie
op ’t brulloftsfeest fan Kristus,
dy’t as my in tsjinstfeint wie,
oan God de Hear komt ta de eare.

* Jan van Eyck (sirka 1390-1441)
Skilderij ‘It Laam fan God’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum