Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It beest yn ’t fjoer

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In ingel seach ik op ’e sinne
mei de eachopslach omheech,
hy spriek de kloften fûgels oan
om ’t fleis te iten fan it beestfolk
fan heech oant leech.

It beest woe mei syn legers winne
fan wa’t op it hynder siet,
mar ’t beest waard pakt, ek de profeet,
de fint fan falske wûndertekens
mei wurd en die.

Tegearre waarden sy doe smiten
yn de fjoerpoel, nûmer seis,
it beestfolk kaam ek om, troch ’t swurd
fan wa’t op ’t hynder siet, de fûgels
ha ret mei ’t fleis.

* Yllustraasje ‘Fjoerpoel’

admin

Kassandra

Mytebylden

fan Evelyn De Morgan*

Kassandra, dochter fan de foarst
fan Troje, dy’t foarsei
it ûnheil dat de stêd oerkomme
soe, har libben stie ek faai.

Apollo joech har ’t sjennerseach
as sy har oan him joech,
sy hat al gau ’t ûnthjit ferbrutsen,
goaide ’t oer in oare boech.

De god wie poer, har profesy
kaam op it folk net oer,
har straf hat Troje falle litten
troch it hynder, ’t lot wie soer.

Kassandra kaam as oarlochsbút
oan Agamemnon ta,
dy twa soe ’t ûnheil ek oerkomme:
Hades woe har samar ha.

* Evelyn De Morgan (1855-1919)
Skilderij ‘Kassandra’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum