augustus 23, 2020
fan ûnbekend*
It hat sa west en ’t sil wer barre:
nei in oarloch wurdt de grins ferlein,
de winner stelt de wetten op,
wa’t akseptearret, is ferslein.
Napoleon moast fierder farre
as nei Ruslân mei syn legermacht,
sadat de grinzen skoden op,
de winners holden strang de wacht.
De Dútske keizer is bedarre
yn ús lân nei’t hy de macht ferlear,
sadat de grinzen skoden op,
de winners spanden feestjend gear.
Ek Hongarije waard net sparre:
East-Europa kaam oars op ’e kaart
as foar de oarloch, ’t koe net op
mei nije lannen, rap paraat.
De sultans hiene iuwen garre
foar it grutte Ottomaanske ryk,
dat nei de oarloch lytser waard,
Turkije krige ûngelyk.
It hat sa west en ’t sil net barre
by ’t ferlizzen fan de eigen grins,
dan hâldt de strideraasje op,
wurdt elkenien romtinkend mins.
* Kaartsje fan de grinzen
nei de Earste Wrâldoarloch
augustus 22, 2020
fan ûnbekend*
Nei tûzen tuskenjierren
sil it barre dat de satan komt werom
om op ierde rûn te gean,
syn rop klinkt al fan fierren.
Hy sil in boadskip bringe
fan betizing, folken komme dêryn om,
moatte foar de striid klear stean,
dêrnei Gods folk ferkringe.
Nei tûzen tuskenjierren
kamen sy manmachtich nei it legerkamp
fan it Godsfolk en de stêd
dêr’t God Him iepenbiere.
Der foel doe fjoer op ierde
út ’e himel wei, de satan en it beest
rekken yn it lôgjend fjoer,
de ein fan harren dieden.
* Yllustraasje ‘Hel’