augustus 28, 2020
fan Jean-Baptiste Regnault*
Kentauros foel op merjes,
makke mear as trije swier,
sadat der wêzens berne waarden
dy’t heal minske wiene en heal dier.
It boppelichem minske,
romp en poaten fan in hynst,
sa waarden hynderminsken berne,
yn de wrâld fan mins en dier in fynst.
Kentauros joech syn namme
troch oan alle bistebern,
sy moasten oan har lichem wenne…
elkenien woe de Kentauren sjen.
Sy sûpten harren dronken,
taasten samar froulju oan
en makken swier de frije fammen,
fûnen ’t bûtenwenstige gewoan.
Behalve Cheiron, master
fan Achilles, goed fan hert,
hy hat him foar syn bruorren skamme,
mar oerlibbe ’t yn de oarloch net.
* Jean-Baptiste Regnault (1754-1829)
Skilderij ‘Achilles krijt les fan Cheiron’
augustus 27, 2020
fan Joachim Beuckelaer*
Griente, fruchten, fleis en drank,
fazant, kalkoen en oan in trie
sjongfûgeltsjes dy’t nea wer sjonge,
yngrediïnten foar it miel,
de gasthear moast wol ta de ponge.
Nûge hat er grif in ploech
fan mear as tritich, want hy wie
ferneamd by âlden en by jongen,
naam oan it goede libben diel,
dêrby hie hy in rappe tonge.
Mar sjedêr, it is net wier,
de poarte rjochts lit trije sjen,
it binne Kristus en de gongers
nei Emmaüs, in lyts gehiel,
perfoarst gjin ploech fan dronken sjongers.
Fjouwer minsken, ynklusyf
de gasthear, oan it rynske miel,
se ha foar trije dagen iten,
dochs gie ’t oan tafel om de siel,
te flechtich om sa yn te biten.
* Joachim Beuckelaer (sirka 1533-1574)
Skilderij ‘Keukensêne mei Kristus
en de Emmaüsgongers’