september 5, 2020
fan ûnbekend*
Noch hie ik net genôch sjoen:
de stream fan in rivier kaam
my foar eagen, helder as kristal
wie ’t wetter út ’e troan fan God
en dy fan ’t Laam.
Op strjitte, yn de midden,
dêr stiene libbensbeammen,
ek oan beide kanten fan de stream,
se jouwe elke moanne frucht,
dy plôket men.
Fan ’t blêd wurdt elk wer better,
dan is der gjin ferflokking
mear, gjin sinne en gjin lampeljocht,
want God de Hear beskynt ’t hielal
mei mins en ding.
* Yllustraasje ‘Libbensbeam’
september 4, 2020
fan Paolo Veronese*
Sy holden djipgeand fan elkoar,
Kephalos en Prokris;
goadinne Eos fan de dage
kaam dertusken, fûn by him gehoar.
Sy rekken dêrom út elkoar,
Kephalos en Prokris;
hy krige spyt en kaam mei fragen
by syn frou: gie sy ek mei in oar?
Dus spile hy in oare rol,
Kephalos nei Prokris;
sy liet har troch ‘dy man’ behage,
doe’t it útkaam, skeat it by har fol.
Fertrouwe koe sy him net mear,
Kephalos liet Prokris
allinnich, gie op jacht, sy folge
him, doe smiet hy nei in proai syn spear.
De proai wie net in rekke dier,
Kephalos hie Prokris
de dea oandien, hy waard oanklage,
syn ferballingsoard lei withoefier.
* Paolo Veronese (1528-1588)
Skilderij ‘Kephalos en Prokris’