september 7, 2020
It wie net om de toer te dwaan,
hoewol’t dy dúdlik kaam yn byld,
it rûn tsjin healwei fjouweren;
it wie de dei fan byld nei byld,
it is mei sizzen net te dwaan.
Hy* wie gjin man fan ’t lêste wurd
en swijde leaver, hold him stil
wylst hy mei ien each skildere;
hy rekke fierste ier út byld,
syn bylden komme no oan ’t wurd.
De bylden litte him ek sjen:
de skilder mei in eigen styl,
dy’t each foar ’t Fryske lânskip hie,
it kaam dynamysk klear yn byld,
men kin it tusken wurden sjen.
* Marten Groenhof silger
september 6, 2020
fan ûnbekend*
Kin in ketter hillich wurde,
Jeanne d’Arc, jongfaam noch mar,
dy’t har as man ferklaaide,
foar de Frânsman moedich focht,
har dieden fangt men net yn wurden.
Lit de dieden fan har tsjûgje,
Jeanne d’Arc wie neat te bar,
al wie Gods stim har hillich,
dy’t se somtiids hearre mocht,
sy soe foar Him har knibbels bûgje.
Nei oerwinnings finzen nommen,
waard sy as in bist ferkocht,
de Ingelsman, skynhillich,
seach har foar in ketter oan,
doe is se yn it fjoer omkommen.
Mar it wie fiif iuwen letter
dat de paus seach har yn ’t ljocht
fan hilligens, hy klaaide
har yn frommens op ’e troan,
befrijd wie Jeanne d’Arc… gjin ketter!
* Skilderij ‘Jeanne d’Arc, de faam fan Orléans’