oktober 16, 2020
fan ûnbekend*
Heit Ouranos en mem Gaia
wiene oan twa eagen wend…
hoe koe it dat har trije soannen
seagen yn it rûn mei ien?
Dat mankemint kaam oer as frjemd.
Yn de Tartaros opsletten,
rôpen sy de goaden oan,
dus waarden de Kyklopen holpen
troch god Zeus as nûmer ien,
sa’n komplimint foldie him skoan.
Tankber wiene de Kyklopen
foar de rêding, joegen oan
de goaden bliksem, trijetosk en
helm; it wiene mear as ien
dy’t trochgong foar in goadesoan.
Yn de Etna wie har wenning,
dêr’t se holpen goadesmid
Hephaistos; lokkich libjend yn de
grotten seagen sy mei ien
each hoe’t it yn it libben sit.
* Yllustraasje ‘Kykloop’
oktober 15, 2020
fan Frans van Mieris*
Dêr sit er dan,
de holle oer de tsjettel bûgd,
de bril op ’t puntsje fan de noas,
opdat er mar neat mist…
de algemist.
‘Myn jonge, sjoch,
’t metaal feroaret grif yn goud,
ik bin der wis fan, ’t kin net oars,
dus blaas, sa bist it wend…
as assistint.’
‘Mar baas, ik blaas
al lang, ’t is my wol tafertroud,
dochs tink ik wolris: ’t is net oars,
it blazen jout gjin sint…
mar ’t is de trend.’
‘Sjoch fint, der komt
in tiid dat goud riist út metaal,
dat seit de skerpte fan myn noas,
dus jou ik dy de hint…
wa’t trochblaast, wint.’
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘In algemist en syn assistint
yn in wurkpleats’