september 11, 2020
fan Herbert James Draper*
Ut ’e moarnsstjer waard er berne,
wie al wekker foar it sinneljocht,
sadat syn dei lang duorre,
mar wat hat it deiljocht Keyx brocht?
Dochter wie sy fan Aiolos,
god fan wyn út alle hoeken wei,
har longen waarden fuorre
troch god-heit syn azem, nacht en dei.
Keyx moast op reis en farre
dei en nacht, dat Alkyone hie
gjin kalme oere, dreamde
dat har leave man ferdronken wie.
Alkyone gie nei ’t strân ta,
fûn ta har ferbjustering syn lyk,
begûn doe lûd te kleien,
waard in fûgel mei dat lûd allyk.
Goaden rôpen Keyx wer ta
libben, net as man fan nacht nei dei,
iisfûgel mocht er wurde,
op syn flecht naam hy syn leafste mei.
* Herbert James Draper (1863-1920)
Skilderij ‘Alkyone’
september 10, 2020
fan Francisco de Goya*
Sjedêr, hjir bin ik wer,
in man fan oeral thús,
mei iepen each en kraach,
hjir is it goed, mar dêr…
Ik ha hjir al faak west,
de oerfloed brocht my thús
yn ’t sin de earme laach,
dy fielde him as rest.
In rest dy’t mist de stim
om ’t ûnrjocht oan te jaan,
it antwurd op syn fraach:
‘Sjoch inkeld mar nei Him.’
Hy hinget oan it krús
om ’t lijen te ferslaan,
gjin himd, lit stean in kraach,
ik fiel my by Him thús.
Sjedêr, hjir bin ik dan
om ’t lijen oan te jaan
fan wer de folle laach,
ik wit der alles fan.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Krusiging’