september 17, 2020
fan James Ensor*
As ’t libben fluch ferrint,
net troch de tiid, mar foar ’t gefoel,
dan sjocht men yn de spegel
dat de geast him net fersint.
De frou wol ’t sa net ha,
de holle fol mei teareboel,
mei ’t âlder wurden regel,
’t giet sa op it lêste ta.
De geast komt yn ferset,
foar ’t lêste stelt er him in doel:
maskearje al dy tearen,
’t is foar kreazens net te let.
Se komme foar it ljocht
yn kleur, fan waarm nei justjes koel,
sa komt sy foar de hearen,
maskerade is har nocht.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Alde frou mei maskers’
september 16, 2020
fan Pieter Lastman*
Jehannes sprekt wer:
De Geast hat ynspirearre
de gemeente, dy’t as breid
de komst ferwachtet fan de Hear,
sy sizze:
‘Kom wa’t toarst hat no nei ’t
libbenswetter om te drinken,
’t stiet foar jimme klear.’
Ik bin ek ynspirearre
troch de Geast, elk fisioen
kaam my foar eagen, no is ’t klear,
ik sis dus:
‘Wat jim yn dit boek fûn
ha, moat yn syn wêzen bliuwe,
gjin feroaring mear!’
De Hear, dy’t ynstiet foar dit
boek, seit dat Hy al gau komt,
dus ik sis: ‘Amen, kom mar Hear!’
* Pieter Lastman (1583-1633)
Skilderij ‘Jehannes op Patmos’