Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan grutsk nei effisjint

Lyrysk Deiboek


It byld ropt âlde tiden op
fan ûngetiid op flakke greiden:
meane mei de skerpe seine,
swylje ta in rjochte streek…
de hoanne dy’t fiktoarje kraaide.

De boer seach op it wurk werom
mei grutskens sûnder ’t út te kraaien,
him bewust fan himelsk seine
fan de Hear of fan it waar…
úteinlik hold hysels de leie.

It byld ropt frjemde streken op
fan oer de grinzen, net te tsjutten
heuvels op ’e keale boaiem,
net natuerlik foar de leek…
de boer wol ’t effisjint benutte.

admin

Skip fan Michel de Klerk

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Michel de Klerk**

Hy wie as bern de santjinde
en moast him skikke nei de oaren,
lei net op in eigen koers
oant hy yn foarm kaam foar de foarmen,
wat de boukeunst sterk feroare.

Michel hie each foar ’t earme folk
dat yn de achterbuerten wenne
sûnder weet fan eigen koers,
sadat it slingere yn stoarmen…
wat soe hy feroarje kinne?

Hy kombinearre bou en koers:
in stiennen skip foar lju dy’t switte,
wurkers op de baas syn koers;
sy wennen yn moderne foarmen,
koene sa har koers sjen litte.

* Foto ‘Michel de Klerk’
** Folkshúsfesting ‘It skip’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum