november 5, 2020
fan Jan Jansz. Mostaert*
It wie har territoarium,
dêr’t sy mei dieren libben,
lykas yn it paradys
man Adam en frou Eva
de harmony neistribben.
Dus koe it yn it paradys
wol bleat en ek yn frede
by it yndianefolk;
yn ’t neaken woe elk nocht ha,
wol bûn oan eigen seden.
De frede flechte foar ’t geweld
fan swurden en gewearen,
lykas ’t skoander paradys;
de Spanjaard woe har lân ha…
wa koe de fijân keare?
De yndianen, sûnder stiel,
begûnen rap te rinnen
yn in rige nei de striid;
doe gie it bleat op ’t lot ta
dat neat foel sa te winnen.
* Jan Jansz. Mostaert (sirka 1475-1552)
Skilderij ‘Lânskip mei in episoade
út ’e ferovering fan Amearika’
november 4, 2020
fan ûnbekend*
Wy binne neaken kommen
út ’e memmeskurte wei
en neaken geane wy werom,
noch nea hat ien syn lean meinommen.
Men soe der siik fan wurde
om sa neaken wer te gean,
wat hâldt men fan it skreppen oer?
t Is neat mei neat, te min foar wurden.
It brea yt men mei lijen,
dêr oerhinne falt it skaad
fan argewaasje en fertriet,
lit ús oer ’t wiffe libben swije.
Lit ús mei nocht dan ite
wat troch God rynsk skonken wurdt
en drinke op in goed bestean,
dat libbenspart sil ús net spite.
Men hoecht net nei te tinken,
hat gjin soargen oer de dei
fan juster, dy komt net werom,
God sil de dei fan moarn ús skinke.
Yllustraasje ‘Neaken’