Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin sier

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Al krijt in minske hûndert bern
en wurdt er noch sa âld,
as hy net smaaklik ite kin,
dan taast er yn it tsjuster om
en stjert er as in rôt.

Al is in minske lang op reis,
wol twa kear tûzen jier,
mar yt er amper ûnderweis,
genietet fan it goede net,
dan jout it him gjin sier.

Al skrept in minske noch sa hurd,
sprekt hy foar master op,
gjinien hat hjir it lêste wurd,
de dwaas mar ek de wize net,
it wurdt foar elk in strop.

Yllustraasje ‘Bern’

admin

Leda

Mytebylden

fan Jean-Baptiste Marie Pierre*

Leda koe it wier net witte
dat de swan syn lange hals
har kant útstekke soe
om har lichem te berikken…
hy blaasde, wat klonk falsk.

Leda koe net sitten bliuwe,
want de snaffel treau har del,
wat sy perfoarst net woe,
mar de swan woe mear berikke:
ien wurde, dus in stel.

Leda lei dêrnei de aaien,
’t famke kaam út ien dêrfan
mei Zeus as wiere heit,
dat Helena soe berikke
de skientme fan in swan.

* Jean-Baptiste Marie Pierre (1714-1789)
Skilderij ‘Leda en de swan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum