oktober 23, 2020
fan ûnbekend*
As berntsje yn de bergen lein,
omdat syn heit him dea ha woe
fanwege frjemde dreamen,
kaam er libben út ’e need…
in hoeder naam him op ’e noed.
Dêrmei wie lang net alles sein,
syn heit sloech acht op it komplot
en strafte strang de dieder,
dy’t fan wredens earst gjin weet
hie: ’t eigen soantsje smakke goed.
Mar Kyros kaam yn it paleis,
syn heit naam him as soan wer oan,
want sa woe ek de hoeder,
dy’t foar him in heit west hie,
de bergen joegen him de moed…
… om as in fjildhear ûnderweis
te wêzen, letter as in foarst
de folken te regearjen,
altyd klear mei rie en die,
hy hie de ierde op syn noed.
* Yllustraasje ‘It âlde Perzië’
oktober 22, 2020
fan Kasimir Malevitsj*
It kin fan alles wêze:
bûgd en rjocht, twa kear perfekt,
swart-wyt, in grut kontrast,
wat kin men der noch mear yn lêze?
De moanne foar de sinne
jout kompleet fertsjustering,
omdat it rûnom past,
sa’t sinne en de moanne binne.
It swarte gat soe kinne,
sa’t de skilder ûnderfûn:
troch Stalins hurde fûst
koe Malevitsj gjin hichte winne.
Lit elkenien mar kieze
wat folmakke by him past,
dan hâldt sensuer him koest
en is der neat om te ferliezen.
* Kasimir Malevitsj (1878-1935)
Skilderij ‘Swarte sirkel’