Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Leonidas

Mytebylden

fan ûnbekend*

Sjoch nei Leonidas,
dy’t kening wie fan Sparta,
oant it lêst ta hold er moed
al stridend tsjin de Perzen
by Thermopylai, de smelle pas.

Hy loek him net werom
op Peloponessos, want
isolaasje stie him tsjin,
fan Xerxes woed er winne,
dan de grins oer, want de wrâld wie rom.

Sjoch ek nei Xerxes, troch
ferrie koe dy it winne
fan Leonidas, syn moed
soe net stânhâlde mei dy
fan ’t elitekorps… wa libbe noch?

Mei trijehûndert hie
Leonidas fûl striden
tsjin in oermacht, wat hie sin:
syn moed waard as in foarbyld
foar de Griken: kom sa ta de die.

* Byld ‘Leonidas’

admin

Wizend nei de goare god

Keunst

fan Hendrick van Balen*

Sy byldzje beide ’t goede
fan de ierde út: Diana
as goadinne fan de jacht
en Bacchus, god fan it genot
fan wyn, in libben sûnder noeden.

Hy hinget op twa saters,
kin net stean, lit stean fan rinne,
dronken nimt er neat yn acht
en nimmen komt by him oan bod,
behalve nei-de-mûle praters.

Diana praat ferstannich,
wiist nei Bacchus: ‘Sjoch freondinne,
hoe’t er dêr yn ûnmacht leit,
beskamsum dat sa’n goare god
gjin inkeld teken jout fan mannich.’

* Hendrick van Balen (1575-1632)
Skilderij ‘Bacchus en Diana’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum