Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Michael Collins

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

In Ier mei hert foar ’t heitelân,
dat Ingelân net fele koe,
de frijheid wie it stribjen
fan Michael Collins, dy’t ha woe
de Ier soe foar de takomst libje.

It stribjen koe net sûnder striid,
in strider waard er yn ’t ferset
tsjin Ingelân, ’t mislearre
mei Peaske, opstean koed er net,
de Ier lei plat as soed er stjerre.

It kaam al gau ta in bestân
mei Ingelân: in Ierske steat
mar sûnder Ulster like
de Ieren op ’e kop ferkeard,
de fijân lykwols woe net wike.

In boargerstriid wie it gefolch:
de iene tsjin de oare Ier,
wat Collins ’t libben koste,
de takomst like withoefier…
wa koe doe Ierlân noch ferlosse?

* Foto ‘Michael Collins’
** Búste ‘Michael Collins’

admin

Op ‘e middenwei

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Gean net al te rjocht troch it bestean,
doch dy net wizer foar ast bist,
want wa’t rjochtfeardich is, stjert ek,
net elk krijt it fertsjinne lean.

Tink net, elke sûnder stjert al ier
fanwege syn ferkeard bestean,
it komt yn ’t libben net sa krekt,
dus hâldt de midden mar foar wier.

Yn it libben hâldst it iene fêst
dan litst it oare maklik los;
it lykwicht neffens Gods bestel,
dêr rêdst it mei en jout dy rêst.

Sterker stiet de wize yn ’t bestean
as hy foar wiisheid iepen stiet,
hy is sa sterk wol as de tsien
dit macht ha en foar mear macht gean.

Harkje net nei alle wurden, want
miskien ferwinskje guon ek dy,
do hast it ek wol oaren dien,
dy wurden doge fan gjin kant.

Yllustraasje ‘Middenwei’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum