Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Favoryt iten

Lyrysk Deiboek


Wat is it favorite iten
fan de minske en it bist?
Sjoch fierder as de bûtenkant,
dan ljochtet op itselde:
beide fleis en bei, dat is ’t!

De slak krûpt net mei lege mage,
hat ferlet fan in goed miel,
al is er fan de merk gjin klant,
hy sil him op syn wize
melde mei syn eigen diel.

De iene slak kin fleis ferdrage,
want hy is in karnivoar,
kringt fierder as de bûtenkant
om ’t miel skjin op te sûgjen,
mar syn maat kiest dêr net foar.

Dy slak kin watfoar fleis ek… slite
oan in oar, as feganist
is hy fan beien fêste klant,
hy docht it op syn wize:
miljeubehâld, dat is ’t!
 

admin

Duce

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Duce supremo woesto hjitte,
mar do hietst Victor Emanuel,
de tredde mei dy namme,
kening fan in machtich ryk,
do hast dy foar Il Duce net skamme.

Mussolini, as Benito
kaamsto op ’e wrâld, do wiest yn tel
as jonkje, koest dy rêde,
wiest oan keningen gelyk:
Il Duce, dy’t rûn mei foarse trêden.

Duce supremo, koest net keare
wat Il Duce brocht? ’t Kaam op oarloch del:
safolle deaden, nammen
sûnder macht yn ’t grutte ryk,
do droechst dyn titel ûnbeskamme.

* Foto ‘Victor Emanuel III’
** Foto ‘Mussolini’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum