oktober 18, 2020
fan ûnbekend*
fan Michel de Klerk**
Hy wie as bern de santjinde
en moast him skikke nei de oaren,
lei net op in eigen koers
oant hy yn foarm kaam foar de foarmen,
wat de boukeunst sterk feroare.
Michel hie each foar ’t earme folk
dat yn de achterbuerten wenne
sûnder weet fan eigen koers,
sadat it slingere yn stoarmen…
wat soe hy feroarje kinne?
Hy kombinearre bou en koers:
in stiennen skip foar lju dy’t switte,
wurkers op de baas syn koers;
sy wennen yn moderne foarmen,
koene sa har koers sjen litte.
* Foto ‘Michel de Klerk’
** Folkshúsfesting ‘It skip’
oktober 17, 2020
fan ûnbekend*
De sinne liet my triennen sjen
fan minsken yn ferdrukking,
dy’t te lijen hawwe fan de macht
fan wrede ûnderdrukkers,
gjin wreker jout ferdrukten acht.
De deaden binne, sa te sjen,
gelokkiger as minsken
dy’t noch libje, omdat har bestean
geregeld yn ferdrukking
komt, libbens net fier mear te gean.
In bern dat noch net iens bestiet,
is neffens my it lokkichst,
om’t it kweadwaan him folslein ûntgiet.
Wa’t him bekwaam foardocht yn ’t wurk,
is grif jaloersk op oaren
dy’t bekwamer binne, ’t is ferkeard
oergeunstich jacht te meitsjen
op ’e wyn, want dat is neat mei neat.
* Yllustraasje ‘Underdrukking’