Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Betsjutting kieze

Keunst

fan Kasimir Malevitsj*

It kin fan alles wêze:
bûgd en rjocht, twa kear perfekt,
swart-wyt, in grut kontrast,
wat kin men der noch mear yn lêze?

De moanne foar de sinne
jout kompleet fertsjustering,
omdat it rûnom past,
sa’t sinne en de moanne binne.

It swarte gat soe kinne,
sa’t de skilder ûnderfûn:
troch Stalins hurde fûst
koe Malevitsj gjin hichte winne.

Lit elkenien mar kieze
wat folmakke by him past,
dan hâldt sensuer him koest
en is der neat om te ferliezen.

* Kasimir Malevitsj (1878-1935)
Skilderij ‘Swarte sirkel’

admin

Fan ien nei twa nei trije

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Doe kaam in dwaasheid oan it ljocht:
in minske sûnder soan en broer
wie hielendal allinne
oan it skreppen, wat him oars net brocht
as rykdom, fan it goede bleau neat oer.

As beide wurkje, krijt men lean
foar twa; de iene helpt de oar
oerein as ien fan beiden
falt, tegearre kin men fierder gean,
dêr binne it no ienkear maten foar.

Tegearre wurdt men waarm en kin
men maklik ien allinnich oan,
mar sterker binne trije
triedden yn in snoer; ik win
de striid yn ’t libben mei myn broer en soan.

* Yllustraasje ‘Trijetrieds snoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum