Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Laokoön

Mytebylden

fan Athanadoros, Hagesandros en Polydoros*

Yn Troje wie hy pryster,
Laokoön, fan twa jonges heit,
hy hie it net op ’t houten hynder stean
en liet dat de Trojanen witte,
stiek troch ’t hout… syn dea wie tryster.

It hynder fan de Griken
wie in list, foar Troje wie ’t in feit
dat yn de stêd de fijân kaam te stean,
wat Laokoön earder witte
liet, dat syn gelyk die bliken.

Wat jout it om gelyk te
krijen as twa slangen knipe ta,
sadat de heit en syn twa soannen nei
de siken gapje, dy’t it sitte
litte, stjerre sûnder sykte.

Wat wie de rol fan goaden
by de ramp fan Troje en de dea
fan Laokoön en syn soannen, mei
dy fraach bliuwt elke tinker sitten…
hawwe sy fan ’t minskdom holden?

* Athanadoros, Hagesandros en Polydoros
Byldegroep ‘Laokoön en syn soannen’

admin

Herkules yn duplo

Keunst

fan Willem Danielsz. van Tetrode*
fan Hendrick Goltzius**

Hjir stean ik dan stânfêstich,
wiidút beide skonken, rjocht
de rjochterearm mei knots,
de linker bûgd nei achteren,
fêst stean ik as in rots.

Ik hâld my no noch rêstich
foar’t ik yn de rûnte slaan
om tolve taken út
te fieren, kom mar op, ik bin
der klear foar om te jaan…

… de klap, foar my net lêstich,
want ik bin op sterkte boud
mei spieren yn de lea
fan foaren en fan achteren,
wat my de slachkrêft jout.

Hjir stean ik justjes wankel,
mei de tolve taken klear,
ik ha de put derút,
it sicht is no fan achteren,
it lichem docht my sear.

* Willem Danielsz. van Tetrode (sirka 1525-1580)
Byld ‘Herkules Pomarius’

** Hendrick Goltzius (1558-1617)
Gravuere ‘Herkules Farnese’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum