Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei it each op kwea

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De wiisheid hat in blier gesicht,
feroaret hiel it wêzen,
wat earst swier wie, wurdt dan licht.

Doch altyd wat de kening seit
en gjin ferkearde dingen,
want syn wurd wurdt dan ta feit.

Men sil it oardiel ûndergean
fanwege ’t kwea op ierde,
straf is it fertsjinne lean.

Gjinien wit noch wat komme sil,
de wyn kin men net keare,
ek de dea net troch de wil.

Dit ha ik allegearre sjoen,
kriich alles ûnder eagen
wat him mei it kwea ferbûn.

* Yllustraasje ‘Mei it each op…’

admin

Leto

Mytebylden

fan ûnbekend*

Titanen-dochter, kreaze frou,
sa seach god Zeus har rinnen,
bleau syn eigen frou net trou
en makke Leto dûbel swier,
mar dêr koe Hera net oan wenne.

De frou fan Zeus joech Leto plak
noch rêst… wêr moast sy hinne
foar in feilich ûnderdak?
Sy swalke nei it eilân ta
dat sels ek swalke, soks moast kinne.

Op Delos kaam ’t mei Leto klear,
in twaling waard dêr berne:
Artemis, as famke tear,
Apollo wie as jonge swier,
se koene beide al gau rinne.

Mar Hera wie noch altyd poer:
de twaling mocht net drinke
út in marke: ‘Ek dy hoer
net!’ dêr woe Hera doe op ta,
sy liet it folk as kikkerts sinke.

* Byld ‘Leto mei har twaling’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum