november 27, 2020
fan Rembrandt*
Tarquinius, de wrede foarst fan Rome,
seach syn soannen mei de frou
as deugdsum pear troch ’t libben gean,
ien soan lykwols brocht har yn ’t nau
dy’t yn de lette jûn noch spinde.
Lucretia, foar Collatinus ‘leafste’,
waard de dupe fan in proef:
wa hat in frou dy’t deugdsum is?
Lucretia… sy spinde stûf!
De keningssoan woe har doe winne.
Ferset wie foar Lucretia gjin opsje,
want har deugd, earst wyt, waard swart,
it lichem oantaast, net de siel;
Lucretia die har tekoart,
sa woe sy ear en neitins winne.
* Rembrant (1606-1669)
Skilderij ‘Lucretia’
november 26, 2020
fan Mikhail Nesterov*
Syn antlit tsjûget noch fan lijen
nei ’t mystearje fan syn dea,
dy’t nimmen op ’e hichte brocht,
hy doarmet noch troch stêd en gea.
Hy soe de tsarekroan wol krije
om’t syn broer Fyodor stoar,
mar doe’t er njoggen wie, besocht
de dea ek him en song it koar:
Do tsarevich, noch mar in jonge,
Dmitry, gean do no op reis,
foar ivich skynt foar dy it ljocht,
jou ús in glim foar ûnderweis.
It Russysk folk bliuwt foar dy sjongen
ûnderweis yn syn bestean,
want do wurdst hillich, dyn goed rjocht
om tusken God en folk te gean.
Dyn wêzen is noch in mystearje
tusken leed en hillichheid,
as gids foar ’t folk bisto it ljocht,
dat strielet oant yn ivichheid.
* Mikhail Nesterov (1862-1942)
Skilderij ‘De fermoarde tsarevich Dmitry’