november 29, 2020
fan ûnbekend*
Soldaten, misjonarissen**,
far nei Senegal, in Frânsk gebiet
yn Afrika, wês striidber foar de Hear,
dy’t takomst oan de folken biedt,
jim kinne it wol risse.
Afrique sil jim dêrhinne farre,
mei dy namme is de koers al jûn,
jou jim mar del, ’t komt mei de Geast wol klear,
dy makket swarte sielen sûn,
har is de hel besparre.
De Geast sil jim derhinne waaie,
útsein as de wyn wurdt ta in stoarm,
elk docht dan op Afrique de hannen gear,
de kapitein jout noch alarm,
mar ’t needlot kin net draaie.
Soldaten, misjonarissen,
jim bestimming wie in Frânsk gebiet
yn Afrika, mar stride foar de Hear?
Jim kamen net mear ta dy died…
it kin de bêste misse.
* Foto ‘Stoomskip Afrique’
** Kongregaasje fan de Hillige Geast
november 28, 2020
fan ûnbekend*
Alle minsken binne yn Gods macht,
de wizen likegoed as dwazen,
lit de wize komme mei syn rie,
de dwaze út syn dommens raze,
alles is foar elk gelyk.
Alle minsken treft itselde lot,
ferkearden likegoed as goeden,
wa’t it rjocht bûcht en wa’t makket rjocht,
der is gjin ûnderskied yn noeden,
alles is foar elk gelyk.
Dêrom is it minskehert fol kwea,
dat duorret oant de dei fan ’t stjerren;
libje is sa goed wol as de dea:
wa’t stjert, lit him net langer hearre,
deaden binne net gelyk…
… oan wa’t libbet, want dy jout noch acht
op ’t feit dat alle minsken stjerre moatte.
Yllustraasje ‘Elkenien gelyk’