Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wjukjende stjerren

Keunst

fan Vincent van Gogh*

Gjin sprake fan in drokke jûn,
de lange dei hie bannich west
mei wurk dat briek de wurge lea,
sy wiene oan it wiffe libben bûn.

Jûn spriek de stilte harren ta
yn ’t rûzjen fan de Rhônestream,
dy’t kronkele troch stêd en gea:
‘Jim sille op ’e grûn de hichte ha.’

Sy rûnen by it wetter lâns
as wie ’t bestean op slach in dream,
gjin wurk mear foar it deistich brea:
‘Jim krije fan de hichte kâns nei kâns.’

Oan stjerren waarden wjukken bûn,
se kamen út ’e hichte wei
as ingelkoar, dat song as ea
yn Betlehem: ‘It wurdt jim jûn noch jûn.’

De Rhônespegel liet har sjen
de kleare ljochten fan de stêd
as paden nei it lok as nea
tefoaren: ‘Trochgeand libben mei it bern.’

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stjerrenacht boppe de Rhône’


admin

Libjje it libben

Bibelbylden

fan ûnbekend*

By al dyn skreppen en ek skuorren
drink dyn wyn mei fleurich sin
en yt it brea mei wille,
rin altyd yn wite klean,
jit oalje op dyn holle,
oan ’t bestean silst net swier tille;
genietsje mei dyn leave frou
fan alle dagen dy’t God skinkt;
doch wat dyn hân fynt, net te min,
want yn it deaderyk, dat winkt,
is gjin wurk, dus ek gjin lean.

By it skreppen en it skuorren
is de priis net foar wa’t fluch
de libbensbaan berinne,
it brea net foar de wiisten,
rykdom ek net foar wa’t kundich binne,
foar de handichsten is net de geunst,
want allegearre treft it tafal,
elk rint tsjin deselde muorre
fan de tiid, dy’t nimmen wit;
gjin fisk wit fan de fûke,
gjin fûgel fan it net,
sa wit gjin minske hoe’t it sit
mei ’t ûnheil as it libben stûket.

* Foto ‘Fûgelflappen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum