Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Posearje foar de bloei

Keunst

fan Vincent van Gogh*

Har namme… Augustine Roulin,
de frou fan Joseph, dy’t de post
besoarget, ek dy fan myn broer,
ik bring him ek de skilderijen
foar Parys, ’t is beide nei it sin.

Mar is it Augustine nei ’t sin?
Sy sit allinnich op har post,
as kompensaasje kaam ik oer
en brocht har wat ferdivedaasje
mei ’t posearjen, dûbel hie it sin.

De bollen moasten der ek op;
de iere gasten foar de bloei
besoargje har grif op ’en doer
de fleur, lykas de skilderijen
my wat ljochter meitsje yn de kop. 

Geduldich wêze, Augustine,
posearje komt ek foar de bloei
mei kleuren, dan is ’t wachtsjen oer.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Portret fan Augustine Roulin’

admin

God ier betinke

Bibelbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Tink oan dyn Skepper yn dyn jonge jierren
foardat
deis de noed opspilet,
nachts de sliep net komme wol,
dan wurdt it libben swierder…
foardat
beide earmen trilje,
sterke skonken slopper wurde,
tosken net mear wurkje,
dan wurdt it libben swierder…
foardat
de stim syn krêft ferliest,
terms en mage minder wurkje,
wat derút moat, amper giet,
dan wurdt it libben swierder…
foardat
it hier fergrizet,
de beweging giet derút,
middels net mear helpe,
dan wurdt it libben swierder…
foardat
dyn kostber libben nei de ein rint
en úteinlik oan de ein komt,
dan keart it stof werom,
wylst de geast in ivich libben wint.

* Yllustraasje ‘Jong’
** Yllustraasje ‘Ald’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum