november 22, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De heuvel wie om djip te graven,
want dêrûnder lei it âlde Ur,
dat Woolley boppe helje woe
om oer it libben mear te witten:
it bestean fan foarst en boer.
Hy djippe op de keningsgrêven
fan de dynastyen yn de tiid
doe’t Ingelân noch net bestie,
de measte grêven wiene stikken…
misdied dy’t der letter wie.
It grêf fan keningin Puabi
kaam mei al syn rykdom foar it ljocht:
goud, juwielen en ek noch
har trijentweintich tsjinneressen,
wat de tiid fan Ur meibrocht.
De harpe hat yn Ur ek klonken,
Woolley fûn dy mei in bollekop
fan goud, fersierd mei suver blau;
syn djipgeand graafwurk koe net stikken:
Urs ferline nei de top!
* Foto ‘Leonard Woolley mei in byldsje’
** Foto ‘Leonard Woolley mei de harpe’
november 21, 2020
fan ûnbekend*
De wiisheid hat in blier gesicht,
feroaret hiel it wêzen,
wat earst swier wie, wurdt dan licht.
Doch altyd wat de kening seit
en gjin ferkearde dingen,
want syn wurd wurdt dan ta feit.
Men sil it oardiel ûndergean
fanwege ’t kwea op ierde,
straf is it fertsjinne lean.
Gjinien wit noch wat komme sil,
de wyn kin men net keare,
ek de dea net troch de wil.
Dit ha ik allegearre sjoen,
kriich alles ûnder eagen
wat him mei it kwea ferbûn.
* Yllustraasje ‘Mei it each op…’