Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wurden as spikers

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

As Preker wie ik net allinnich wiis,
mar ha ’k it folk ek wiisheid brocht,
ik naam de dingen yn berie
en ha in protte ûndersocht.

Ik ha as Preker nei de wurden socht
om oer te bringen sa’t it wie,
as spikers sloech ik se deryn,
’k wie like puntich yn myn rie.

Ien rie jou ik noch as it einbeslút,
myn soan: der is in protte skreaun,
lês dy net wurch, want dan wurdst blyn
foar Gods gebod, de tiid troch bleaun.

* Gustave Doré (1832-1883)
Yllustraasje ‘Preker’


admin

Stjer

Lyrysk Deiboek

Rinnend troch de jierren hinne
mei ferwachtings as de himel heech
oer wolken en dy iene stjer,
begjin ik nei de ein te rinnen.

Fan ’e moarn rûn ik yn ’t tsjuster,
seach gjin harsens, alles wie noch leech,
Korona liet him ek net sjen,
it hie foar my wat as wie ’t juster.

Albert Einstein liet ik rinne
mei syn folle harsens, my te dreech:
de romte yn relaasje mei
de tiid, ik seach dy sa’t se binne.

Yn de romte soe hjoed berne
wurde, ’t bern kaam op syn eigen tiid,
wat my de jierren troch ferteld
wie… moast ik dat idee ûntwenne?

Fierder rinnend moat ik tajaan
dat ferwachtings binne fûl yn striid
mei de belofte fan de stjer,
keunstmjittich kin dy ’t barren werjaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum