december 13, 2020
fan ûnbekend*
Hy hat wat fan in teddybear
om mei op bêd te nimmen,
oan syn sliepen leit it net:
wol tweintich oeren nacht en dei,
de rest is hy oan ’t trimmen.
De beam yn giet him maklik ôf,
by need kin hy ek swimme,
oan ’t bewegen leit it net
dat hy sawat op stjerren lei,
der wie ferskil yn stimmen.
De jager gie it om de hûd,
hy woe safolle sjitte
dat er jild as wetter hie,
sa rekken der miljoenen wei,
dêr koe hy net mei sitte.
It folk dat fan it bearke hold,
hiel oars as stil te lizzen,
seach dat dit tsjin ’t libben wie;
de wet joech oan de jacht in draai:
it dier hie ’t foar it sizzen.
* Foto ‘Koalabear’
december 12, 2020
fan ûnbekend*
Wol harkje nei myn wize rie,
dy’t dy beskermet tsjin gefaar,
dat soms fan alle kanten komt.
Graaf net in kûle foar de oar,
do silst dan sjen, it rint faak raar
yn ’t libben, want sels falst deryn.
Brek sûnder soarch gjin muorre ôf,
do komst miskien in slang tenei,
dy stekt syn giftosk troch dyn hûd.
Wês hoeden mei it brekken fan
de stien , it libben is al faai
genôch, kap ek mei soarch it hout.
As ’t izer te let slipe wurdt,
hasto it dreger yn de macht,
it ark dat stomp is, makkest skerp.
Lit hannen dan it wurk mar dwaan
en nim dêrby de soarch yn acht,
de wize nimt gjin risiko.
* Yllustraasje ‘Fjoer’