januari 3, 2021
fan ûnbekend*
De sike man fan hiel Europa
wie Turkije mei syn sultan
troch al dy iuwen hinne,
moslim wol, mar wrâldsk tiran,
hy liet it deasiik rinne.
It Ottomaanske ryk wie krompen,
buorlju hiene fan him iten
mei fûsten om te winnen,
’t sike mantsje stie te sjen,
koe net oer grinzen rinne.
Mustafa Kemal waard doe lieder
fan Turkije, wrâldske sultan,
gjinien koe om him hinne:
moslim mei ’t moderne plan,
de sike koe wer rinne.
* Ruterbyld ‘Mustafa Kemal’
januari 2, 2021
fan ûnbekend*
Wol harkje nei myn klacht,
hoe’t myn broers my twongen ha
te passen op ’e wyngerds,
dêrom bin ik brún ferbaarnd,
mar wêrom stean ik noch op wacht?
Ik harkje nei syn stim
as myn leafste my fertelt
wêr’t hy syn keppel weidet,
dêrom bliuw ik hjir net stean,
mar gean op slach op siik nei him.
Asto it plak net witst
wêr’t myn keppel hjoed tahâldt,
dan folgest mar de printen
fan de poaten fan de skiep,
dan bisto wis datst my net mist.
Myn leafste, tútsje my,
want dyn tuten binne swiet
as oalje, kostliker as
wyn, dyn namme jit ik út
as oalje, want ik hâld fan dy.
* Yllustraasje ‘Hoeder mei keppel’