december 6, 2020
fan ûnbekend*
Wêr wie in arsjitekt te finen
dy’t sa bouwe koe dat nei in skok
’t gebou net falt, mar inkeld swaait?
Net yn Japan, mar oer de oseaan:
boumaster Frank Lloyd Wright.
Hy liet syn ljocht oer ’t weagjen skine
fan de ierde, foar Japan in flok,
om’t mannich bouwurk samar leit
as fûle skokken tsjin de muorren slaan,
dus freegje Frank Lloyd Wright.
It antwurd wie: ‘Betonnen peallen
moatte romte krije yn de grûn,
’t gebou swaait dan as wie it reid.’
Sa kaam ’t Imperial Hotel ta stân
fan tinker Frank Lloyd Wright.
Syn tinken koed er goed fertelle,
kaam yn byld as geve plattegrûn;
’t gebou ferriisde, wie ’t bewiis
dat fûle skokken ha gjin ynfloed hân…
sa wie syn tinken wiis.
* Foto ‘Imperial Hotel te Tokyo’
december 5, 2020
fan ûnbekend*
Lit my ’t ferhaal fertelle
fan grut tsjin lyts yn ’t spier,
lyts wie te licht om ’t pleit te winnen,
’t ferlies woech my te swier.
In stedsje koe ’t net stelle
tsjin kenings grutte macht,
it seach rûnom de hege skânsen …
wa sloech op wiisheid acht?
In earme man dy’t wiis wie,
wa hie oan sa’nien tocht?
Hy hie it stedsje rêde kinnen,
gjinien hat om him socht.
Wit wol dat hy de rie hie
dy’t rêde koe de stêd,
de wiisheid biedt wol tûzen kânsen,
gjin macht wurdt dan noch sêd.
’t Wurd fan dy iene wize
is better as ’t geskreau
fan mannich hearsker mei syn dwaasheid,
dy’t him ta fjochtsjen dreau.
Yllustraasje ‘Wize man’