januari 11, 2021
Gjin kwestje fan de kop noch
langer yn de fearren,
stek de kop der boppe-út,
mei rjochte hals it deiljocht sjen
en tagelyk it moarnsliet hearre.
Stek dan de kop derûnder,
ûnder wetter foar it
earste miel, it wetter rint
de snaffel út, krekt as by ’t bern,
mar net omdat it dêrfan koarret.
Fan ûnderen nei boppen,
snaffel ticht en iepen,
wa’t it langste folhâldt, wint
kondysje en in kostlik miel,
lit him dan mar de dei troch sliepe.
januari 10, 2021
fan ûnbekend*
De keizer wie de grins oergien
fan hearskippij nei boargerskip,
it gie yn ’t lêstoan samar:
‘Fuort mei Wilhelm, jou ús mear as ien,
de republyk fan Weimar!’
De republyk fan mear as ien
kriich folle minder yn de knip
fanwege de ynflaasje;
’t wie de terroristen net ûntgien,
sy swarden by de naasje.
Yn München kaam de binde oan,
dêr’t Adolf Hitler fêste grip
op hie: de revolúsje
spriek mei skomjend bier op skrille toan,
mar ’t waard in desyllúzje.
De lieder is de sel yngien,
foar Adolf wie de dip net djip,
’t gie jierren letter samar:
‘Heil foar Hitler, want der is mar ien
dy’t fierder giet as Weimar!’
* Foto ‘Steatsgreep yn München’