december 19, 2020
fan ûnbekend*
Ast jong bist, kinst noch alles oan,
dan is dyn lichem linich,
lit dyn geast dy laitsje,
liket hiel it libben skoan.
Dus jongelju, lit jimme gean
en jou jim oer oan wille,
elk kin ’t no noch meitsje,
bliuw net oan de sydkant stean.
Kear kwalen op, sadat jim lea
sûn bliuwe, ban de stilte
út it hert en reitsje
yn ekstaze, net foar dea.
Lykas it hert begeart, de wei
fan wille silsto rinne,
sa kinst dy fermeitsje,
mar wit wol dat God rint mei.
Foto ‘Wille’
december 18, 2020
fan Ferdinand Bol*
As jonge koed er net goed prate,
wat syn heit net lije mocht,
sadat er amper bûten kaam
en yn de hûs de klappen kriich,
mar nea hat hy heit hate,
kaam yn ’t tribunaal sels foar him op.
Yn Rome waard de soan fereare
as de rêder fan syn heit,
wat him perfoarst te goede kaam:
as militêr tribún de kriich
yn om mei moed te kearen
de Galliër, dy koste it de kop.
Syn eigen soan hie moedich striden
sûnder opdracht fan de heit,
wat tsjin de dissipline wie,
sadat de klap dy’t hy doe kriich,
hurd oankaam, yn dy tiden
de deastraf… folge heit syn eigen op?
* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Titus Manlius Torquatus
lit syn soan ûnthalzje’