Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stjer

Lyrysk Deiboek

Rinnend troch de jierren hinne
mei ferwachtings as de himel heech
oer wolken en dy iene stjer,
begjin ik nei de ein te rinnen.

Fan ’e moarn rûn ik yn ’t tsjuster,
seach gjin harsens, alles wie noch leech,
Korona liet him ek net sjen,
it hie foar my wat as wie ’t juster.

Albert Einstein liet ik rinne
mei syn folle harsens, my te dreech:
de romte yn relaasje mei
de tiid, ik seach dy sa’t se binne.

Yn de romte soe hjoed berne
wurde, ’t bern kaam op syn eigen tiid,
wat my de jierren troch ferteld
wie… moast ik dat idee ûntwenne?

Fierder rinnend moat ik tajaan
dat ferwachtings binne fûl yn striid
mei de belofte fan de stjer,
keunstmjittich kin dy ’t barren werjaan.

admin

Posearje foar de bloei

Keunst

fan Vincent van Gogh*

Har namme… Augustine Roulin,
de frou fan Joseph, dy’t de post
besoarget, ek dy fan myn broer,
ik bring him ek de skilderijen
foar Parys, ’t is beide nei it sin.

Mar is it Augustine nei ’t sin?
Sy sit allinnich op har post,
as kompensaasje kaam ik oer
en brocht har wat ferdivedaasje
mei ’t posearjen, dûbel hie it sin.

De bollen moasten der ek op;
de iere gasten foar de bloei
besoargje har grif op ’en doer
de fleur, lykas de skilderijen
my wat ljochter meitsje yn de kop. 

Geduldich wêze, Augustine,
posearje komt ek foar de bloei
mei kleuren, dan is ’t wachtsjen oer.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Portret fan Augustine Roulin’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum