januari 17, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wa wol net op wjukken fleane,
’t leafst op eigen, hegerop
om oer de hiele wrâld te sjen,
de fûgel bringt dy nei de top.
Juan woe ek graach op wjukken,
mar hy fûn himsels te swier,
in rotor draaide net sa min,
it slagge, mar dy kaam net fier.
Syn systeem koe sprekken lije:
draaie, tagelyk foarút,
úteinlik wie it nei it sin
fan Juan, blommen en in tút.
Mei de klyster soed er fleane,
om’t er alles no wol wist,
hy koe lykwols net alles sjen,
it waard in clash yn tichte mist.
* Foto ‘Juan de la Cierva’
** Foto ‘De autogiro’
januari 16, 2021
fan ûnbekend*
De kening liet in draachkoets meitsje,
syn earmen leune op it goud,
syn fuotten steane op it sulver,
leafdefol waard dêroan boud.
De koets komt as yn reekkolommen
fan mirre rap út ’e woestyn
mei sechtich helden der omhinne,
strieljend yn de sinneskyn.
De helden ha in swurd as wapen
en binne taret op ’e striid,
alarm… it swurd komt fan de side,
stridend foar de brulloftstiid.
Kom no nei bûten, Sions dochters,
de krânse is foar Salomo;
de kening fan it goud en sulver
nimt hjoed mei de fredesdo.
* Foto ‘Draachstoel’