januari 21, 2021
fan Hendrik Voogd*
Hy hie syn plicht by twa kij dien,
wat liet gefoelens achter
fan hearsker oer de keppel;
rêstich joech er him doe del
as arrogante wachter.
Ynienen kaam syn kop omheech,
betize út ’e slomme,
noch net te let as wachter;
hastich, mar net bang of kjel,
is hy op hoeven kommen.
In wite hûn stie foar him oer
te hymjen en te blaffen;
syn plicht rôp doe gefoelens
op, oars as by beide kij:
de drift om wreed te straffen.
Mar tsjin de kop kriich hy in stien,
dus is ’t der net fan kommen.
* Hendrik Voogd (1768-1839)
Skilderij ‘Bolle oanfallen troch in hûn’
januari 20, 2021
fan ûnbekend*
Myn freondinne, do bist moai,
dyn eagen tusken ’t weagjend hier,
dyn tosken tusken reade lippen,
dyn boarsten, as in toer dyn hals,
do bist yn leafdestoai.
Kom, myn breid, de berch bydel,
dêr’t wenten binne fan de liuw
en panter, dy’t net tippe kinne
oan dy, do hast myn each betsjoend,
fljochst sierlik as in swel.
As in tún bisto, op slot
is dy, dyn welle is ek ticht,
út dy wei sprút it hôf fan Eden
mei blommen, beammen, swiet de frucht,
it paradys op sicht.
* Foto ‘Paradys’