Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Phaidra en Hippolytos

Mytebylden

fan Pierre-Narcisse Guérin*

Hippolytos, tûke jager,
skeat it iene nei it oare dier,
gie net op jacht nei froulju,
liet har gean, ferloek gjin spier.

Styfmem Phaidra waard fereale,
gie op jacht nei him, mar trof it net,
hy bleau de tûke jager,
hie fan froulju gjin ferlet.

Phaidra skeat him mei de leagen
dat er har as styfmem sketten hie,
sy hat harsels ek rekke,
’t like dat hy skuldich wie.

Hippolytos waard ferballe,
wylst Poseidon makke jacht op him,
foar him wie gjin ûntkommen,
dieren fûnen dat net slim.

* Pierre-Narcisse Guérin (1774-1833)
Skilderij ‘Phaidra en Hippolytos’


admin

Neaken koarnfjild

Keunst

fan Vincent van Gogh*

It suden, dêr wie ’t paradys
fan kleare kleuren, boppe, ûnder,
oeral wêr’t it each ek hinne glydt;
ik seach mysels as Adam rinnen,
neaken want de sinne stie foar wûnder
oan de himel tusken wolken yn.

Yn Arles stiet it Giele Hûs
te strieljen yn de middeissinne,
mei it atelier in gouden plak;
’t portret fan Eva moat wol kinne,
mar ’t model wol hjir perfoarst net hinne
yn it neaken tusken doeken yn.

Dus rin ik nei it romme gea,
mei ’t koarnfjild poerlik yn it neaken
en dêrachter hjir en dêr in dak,
dêrboppe bergen, heger wolken,
nei de fierte tsjinjend as in beaken,
wizend tusken stêd en hichten yn.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Koarnfjild mei grutte wolk’
  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum