januari 31, 2021
fan ûnbekend*
Kom allegearre nei ’t paleis,
dêr’t men de eagen útsjen kin
nei alle siden fan ’t kristal,
dat rûnom yn de winkel blinkt,
’t paleis leit oan de kop ta fol.
Wês wolkom yn de supermerk,
de alderearste fan de wrâld,
foar San Francisco in primeur,
sjoch hoe’t de winkel ’t keapfolk winkt,
fan alle siden glânzet fleur.
Dus keapje itenswaar, ek fleis
en sigaretten net te min,
jim medisinen sûnder tal,
noch folle mear as men earst tinkt,
’t ferskaat wurdt oanjûn troch kristal.
Foto ‘Cristal Palace yn San Francisco’
januari 30, 2021
fan ûnbekend*
Jim fammen fan Jeruzalem,
fertel wêr’t ik myn leafste treffe kin
en sis him dat ik siik fan leafde bin.
Wy hearre wol dyn skelle stim,
mar witte wy wol wat dyn leafste foar
hat, want ús each falt ek wol op in oar.
Jim sjogge ’t sa, myn leafste rint derút:
syn holle is krekt klearebare goud,
syn lokken binne tûken fan de palm,
syn eagen ha de glâns fan dowen,
eagen fol mei langstme nei in tút,
syn wangen binne balsembêden,
syn lippen rûke lekker, ha de foarm
fan leeljes, drippend fan de mirre,
syn earmen binne gouden rôlen,
’t lichem is as in ivoaren keunstwurk boud,
syn skonken binne stilen fan wyt moarmer,
de fuotten binne ek fan suver goud,
swiet smakket syn ferwulft.
Wêr is dyn leafst hinne gien?
Fertel ús no wêr’t hy te finen is,
wy sykje mei dy, rinne him net mis.
Myn leafste is grif nei syn hôf,
dêr sykjend rinne wy him net foarby,
’k bin fan myn leafste en hy is fan my.
* Yllustraasje ‘Op ’e siik’