Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjerkeskip

Keunst

fan Jacob Gerritsz Loef*

Dêr fart er fuort mei bolle seilen
mei yn de top de deads- en libbensflagge,
Kristus hingjend oan de langste ra;
dêr sylt it roomske tsjerkeskip,
de earste slach is slagge.

De ketters driuwe tusken weagen
fan ôfgoaderij, Calvijn en Luther
dy’t it boek noch yn de hichte ha,
ferjit ek Menno Simons net
as anty-roomske snuter.

Gjinien wurdt siik of slim ferkâlden
op it tsjerkeskip, elk is genêzen
fan de slimste sûnden, dêrom krijt
it folk syn nocht net fan de wet:
devoat silst altyd wêze.

Devoat, mar tagelyk ek blaze
yn de seilen, lit bazunen klinke,
triomfearjend, oan de sege wijd;
sa sylt it roomske tsjerkeskip…
lit ketters mar ferdrinke.

* Jacob Gerritsz Loef (1605/1606-1683/1685)
Skilderij ‘Tsjerkeskip’

admin

Leafdesdream

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wêr wie myn leafste dy’t ik socht?
Ik wist it net, mar woe him fine
yn de stêd, op strjitte en op ’t plein,
mar ’k seach him net ferskinen.

Ik trof de wachters, dat ik tocht
dy sjogge oeral om har hinne,
foar’t ik harren nei him freegje koe,
seach ik myn leafste rinnen.

Ik kriich him beet, liet him net los,
woe sa yn mem har keamer komme,
oarsprong fan myn ierdsk bestean, dêr soe
it bylkje fan de blommen.

Mar fammen fan Jeruzalem,
de dream wie oer en ik waard wekker,
ik beswar jim, jou de leafde rêst
en meitsje dy net wekker.

Foto ‘Leafdesdream’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum