februari 19, 2021
fan Guillaume Guillon-Lethière*
Fan Herakles kriich hy de pylken
op ’e bôge, dy’t er letter brûke koe,
de pylken mei in laachje gif,
geskink foar ’t fjoer dat deade hie
de sterke god, fan fûle pine wif,
mar Philoktetes wist net hoe.
Gjin pylk koe hy op Lemnos brûke
nei’t in slang syn giftosk yn it fleis set hie,
fan pine raasde hy it út;
op ’t ûnbewenne eilân koe
hy balte, rûn de wyn fan noard nei súd,
gjinien hie lêst, wat hy ek die.
Ien pylk koe Troje deadlik reitsje:
Herakles hie dy oan Philoktetes jûn,
dus kaam de razer yn de striid;
hy rekke doel, sadat de stêd
troch gif en list ferlear, mar wiid en siid
waard sein, de ear hie Troje wûn.
* Guillaume Guillon-Lethière (1760-1832)
Skilderij ‘Philoktetes op it eilân Lemnos’
februari 18, 2021
fan Johannes Vermeer*
De spegel lit de pearels sjen,
dêrfoar it strakke lint,
dat bûn wurdt ta in strik;
de spegel jout ek noch in hint:
dit doch ik!
De spegel lit de eagen sjen,
noch grutsker as in pau
sjocht sy nei snoer en strik;
de spegel spegelet har as frou:
dat bin ik!
De spegel kin it kleed net sjen
dat op ’e tafel leit,
yn plak fan wyt is ’t swart,
wat har de takomst faaks foarseit,
wat moarn bart.
Sy draacht it hert noch like heech
as ’t glimmend pearelsnoer;
wat moarn bart, sjocht se wol,
oars slacht sy sliepend in dei oer…
as in mol?
* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘It pearelsnoer’