januari 22, 2021
fan Peter Paul Rubens*
As soan fan Helios, de sinne,
stie hy yn fjoer en flam foar mar
ien winsk, de sinnewein bestjoere;
heit joech ta, it moast dan mar:
‘Moatst tinke om de krekte hichte,
stjoer net te leech en net te heech,
moatst achtslaan op ’e goede oere,
’t is wol sinnich wurk, dus dreech.’
Phaëton koe net langer wachtsje,
de hynders fjouweren deroer
en sloegen letter op ’e kletter,
dat de soan ferlear it stjoer.
’t Gie fan de hichte nei de lichte,
op ierde waard it kâld en waarm,
fan meters iis nei siedend wetter,
dêrom sloech god Zeus alaarm.
Zeus slingere syn felle bliksem
troch ’t swurk, sadat de sinnewein
kaam del, de soan syn lêste oere
rûn yn ’t wetter nei de ein.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De fal fan Phaëton’
januari 21, 2021
fan Hendrik Voogd*
Hy hie syn plicht by twa kij dien,
wat liet gefoelens achter
fan hearsker oer de keppel;
rêstich joech er him doe del
as arrogante wachter.
Ynienen kaam syn kop omheech,
betize út ’e slomme,
noch net te let as wachter;
hastich, mar net bang of kjel,
is hy op hoeven kommen.
In wite hûn stie foar him oer
te hymjen en te blaffen;
syn plicht rôp doe gefoelens
op, oars as by beide kij:
de drift om wreed te straffen.
Mar tsjin de kop kriich hy in stien,
dus is ’t der net fan kommen.
* Hendrik Voogd (1768-1839)
Skilderij ‘Bolle oanfallen troch in hûn’